Undersyk op VHL Ljouwert mei sûn iten yn kantine

22 sep 2015 - 12:38

As jo sûn ite en de frikandellen en kroketten stean litte, dan kin dat foar bettere prestaasjes soargje op it wurk of op skoalle. Alteast, dat tinkt Esther Nederhof fan de hegeskoalle Van Hall Larenstein.

De nije lektor fan de ôfdieling 'Gezonde Voeding en Welvaartsziekten' hat dêrom in projekt opset wêrby't minsken in pear wiken lang bygelyks salades ite moatte as sy te lunsjen gean en it frituerde iten stean litte moatte.

De lektor wol mei dit projekt ûndersykje oft de prestaasjes fan minsken ferbettere binne troch it iten en oft sy ek minder lichaamlike klachten fernimme.

De ekspert op it gebiet fan sûn iten hopet ek dat yn de takomst alle kant-en -klear pakjes ferdwine út de keuken fan skoallen en bedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)