Hurdrydster rekket auto kwyt

© Omrop Fryslân
In automobiliste út Schoonebeek is tiisdei har rydbewiis en auto kwytrekke om't se har net oan de ferkearsregels hâlden hie. De plysje kaam har oer it mad op Kwelderwei by Dokkum. Dêr ried se goed 140 kilometer yn de oere, wylst 80 dêr it maksimum is. De bestjoerster waard oan de kant set. Tsjin har is proses-ferbaal opmakke. Se moast it rydbewiis ynleverje en mocht net fierder ride.
In pear oeren letter seach de plysje har wer riden. Doe namen se har auto yn beslach en krige de frou opnij in proses-ferbaal.