ONS Boso Snits makket him op foar bekerwedstriid

22 sep 2015 - 08:25

ONS Boso Snits makket him op foar de bekerwedstriid tsjin FC Utrecht, tiisdeitejûn yn Snits. It is wol efkes omskeakeljen foar de amateurklup. Sa stiet der tiisdei in grut led-boerd foar de sponsoring en wurde der mobile húskes delset.

Op papier makket ONS net folle kâns, mar de Snitsers hawwe al earder stunte yn it bekertoernoai. Yn 2012 waard profklup Excelsior nei strafskoppen ferslein. En dy stunt hopet ONS jûn te werheljen.

FC Utrecht moat it tiisdei sûnder spits Sébastien Haller stelle, hy is skorst nei syn reade kaart fan it ôfrûne wykein.

De bekerwedstriid fan ONS Boso Snits is jûn live te folgjen op de radio yn in ekstra útstjoering fan Omrop Fryslân Sport. Dêryn fansels ek omtinken foar de bekerwedstriden NAC-Breda tsjin SC Hearrenfean en PSV tsjin SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)