Problemen rûnwei Bûtenpost

05 apr 2012 - 08:45

De bebuording by de nije rûnwei om Bûtenpost hinne is net dúdlik genôch en dat smyt gefaarlike situaasjes op. Dat skriuwt it CDA yn de gemeente Achtkarspelen yn in brief oan boargemaster en wethâlders. Foaral oan de eastkant fan it doarp is it net dúdlik hoe't it ferkear krekt ride moat. Dêrtroch komt it geregeld foar dat auto's op de Trekwei swaaie en weromride. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes. En krekt de Trekwei soe ferkearslij en better geskikt foar fytsers wurde, skriuwt it CDA. Dat wol dat it kolleezje him yn de saak ferdjippet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)