Slachterij Weidenaar bêste fan Fryslân

21 sep 2015 - 21:21

Slachterij Weidenaar út Dokkum is troch de sjuery fan de Slavakto útroppen ta bêste fan Fryslân. De Slavakto organisearret om de trije jier in fakwedstriid foar slachters, wêrby't harren produkten kritysk besjoen wurde troch in faksjuery. Yn totaal waarden der dit jier mear as twatûzen produkten troch de sjuery beoardiele. Lanlik gie de winst nei Dennis van Dun út Waalwyk.

De lanlike junioarepriis kaam wol yn Fryske hannen. Hy gie nei Gerrit Jan van de Weg út Easterwâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)