Fragen oer tragens fluchynternetprojekt

21 sep 2015 - 20:31

De provinsje hat oant no ta noch neat ynvestearre fan de 60 miljoen euro dy't bedoeld wiene foar fluch ynternet op it plattelân. Dat seit de ChristenUnie yn de provinsje.

De partij makket him soargen oer de tragens wêrmei't wurke wurdt oan it rappe ynternet. Sa soe der noch net iens in fûnsbehearder oansteld wêze. Dêrtroch kin it jild ek net ferdield wurde. Takom woansdei stelt de ChristenUnie dêr fragen oer yn de Steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)