Gertjan Verbeek ûntploft op Dútske parsekonferinsje

21 sep 2015 - 19:30
  • Gertjan Verbeek

Ald-Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek hat yn in Dútske parsekonferinsje hurd úthelle nei sjoernalisten fan it roddelblêd Bild. Hy neamde harren ferslachjouwing ûnder oare 'Scheisse' en neamde de sjoernalisten 'Arschlöcher'.

Verbeek joech in parsekonferinsje om foarút te sjen op it duel fan syn klup VfL Bochum 1848 tsjin DSC Arminia Bielefeld. Hy krige dêrby de fraach oft er it kampioenskip as doel steld hie, om't Bild dat skreaun hie. Dêrop ûntplofte de Fryske trainer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)