Jan Smink wint foar twadde kear lanlike Bocuse d'Or

21 sep 2015 - 17:54

Topkok Jan Smink út Wolvegea hat moandei op 'e nij de lanlike finale fan de Bocuse d'Or wûn. Dat is ien fan de wichtichste wedstriden op it mêd fan itensieden yn 'e wrâld. Sander Verhaaf wie de commis fan de Wolvegeaster. Smink wûn yn 2013 de nasjonale titel ek al. Hy fertsjintwurdige Nederlân doe úteinlik yn de wrâldfinale en helle dêr in njoggende plak. It wie de earste kear dat Nederlân yn de top tsien einige.

Mei de winst fan moandei mei Smink Nederlân wer fertsjintwurdigje yn de Europeeske finale yn maaie 2016 yn Boedapest.

Dêr kin er him ek wer pleatse foar de wrâldfinale. Dy is begjin 2017 yn Lyon.

Trefwurden: 
Jan Smink Bocuse d'Or
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)