Trije akteurs nominearre foar Rense Westra Award

21 sep 2015 - 17:32

Aart Staartjes, Kitty Courbois en Peter Tuinman binne de trije nominearren foar de earste Rense Westra Award. Inisjatyfnimmer foar de priis Steven de Jong makke de trije nammen moandeitejûn bekend yn it Omrop Fryslân-televyzjeprogramma Bynt.

Akteur Rense Westra ferstoar yn maart fan dit jier. De Jong hat in soad mei Westra wurke en se wiene freonen. De Rense Westra Award is in oeuvrepriis foar akteurs dy't net genôch wurdearre wurde, mar wol belangryk binne foar de Nederlânske film. De priis bestiet út in byldsje en tûzen euro.

Takom jier wurdt de priis útrikt. Der kin fan no ôf stimd wurde op de trije nominearren op ûnder oare de webside fan regisseur Steven de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)