Wizigings opstelling by Cambuur tsjin PSV

21 sep 2015 - 16:22

Trainer Henk de Jong fan Sportklup Cambuur fiert tiisdeitejûn foar de bekerwedstriid tsjin PSV inkele wizigings troch yn syn team. Sa binne sintrale ferdigeners Peersman en Dammers troch blessueres net beskikber. Van de Streek en Perreira binne werom nei respektyflik in skorsing en in blessuere. Leonard Nienhuis stiet op goal by de wedstriid tsjin PSV.

It is de fjirde kear dat beide teams tsjin inoar spylje foar de KNVB-beker. Yn it seizoen 1979-1980 ferlear Cambuur thús mei 1-4. Yn 1983-1984 hie PSV in replay nedich om fierder te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)