Bisdom skrast seis banen

04 apr 2012 - 20:44

In tredde part fan it stypjend personiel fan it bisdom fan Grins en Ljouwert wurdt ûntslein, fanwege de grutte finansjele problemen dêr. Troch de finansjele krisis hat it bisdom grutte skulden krigen. Ferline jier is de hiele bisdomorganisaasje al trochljochte.

Woansdei waard dúdlik dat der op it bisdomhûs yn Grins seis fan de santjin banen ferlern gean. Fjouwer minsken wurde sels twongen ûntslein. It baneferlies spilet oer de hiele liny, fan de keuken fan de biskop oant it sekretariaat.

Yn Fryslân falle bygelyks de tsjerken fan Harns, Ljouwert, Snits, Boalsert, De Jouwer en Dokkum ûnder it bisdom Grins-Ljouwert. Oer twa jier soe it bisdom út de finansjele problemen wêze moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)