Griente ferbouwe op plat dak

04 apr 2012 - 17:10

Smellingerlân is frege om mei te dwaan oan de earste Europeeske Roofgarden Contest yn 2015. Dat is in wedstriid yn it ferbouwen fan griente yn in tún op in plat dak fan in gebou. Drachten hat yn ferhâlding in soad platte dakken en is as iennige gemeente yn Nederlân frege. Bewenners wurde frege mei te dwaan.

De kommende moannen besjocht de gemeente oft der belangstelling is. In ynternasjonale sjuery beslút yn desimber 2013 watfoar Europeeske stêd de measte griente op it dak ferbout.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)