Oanjefte tsjin dosint Bogerman

04 apr 2012 - 17:01

Learlingen fan it Bogermankolleezje yn Koudum binne woansdei ynformearre oer de skorsing fan in learaar. Hy wurdt fertocht fan grinsoerskridend gedrach nei in minderjierrige learling ta. Tsjin de learaar is oanjefte dien. De skoalle wol fanwege de privacy fan de belutsenen net folle sizze oer wat der gebeurd wêze soe. De skoalle krige in 'helder' sinjaal, mar watfoar sinjaal wol de skoalle net sizze. De plysje ûndersiket de saak. De nammen fan de learling en de learaar sirkulearje op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)