Oerlêst om wurk oan Heak

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Oan de súdkant fan Ljouwert wurdt drok wurke oan de Heak om Ljouwert. It wurk rint troch oant ein 2014. Oan de A32 rjochting It Hearrenfean is ferljochting pleatst om dêr feilich wurkje te kinnen en sa binne der lêsten mear opfallende saken feroare. Op dit stuit wurdt foaral wurke oan it omlizzen fan in grutte gaslieding. Ien en oar hat gefolgen foar it ferkear, al sil de measte oerlêst foaral bûten de spits te fernimmen wêze. Fan tiisdei ôf leit de Wâldwei der jûns en nachts út tusken de Werpsterhoeke en Hemriksein.