Definsje siket nij personeel

Strielfleanmasine © Omrop Fryslân
Definsje begjint tongersdei mei in grutte kampanje om 3000 nije meiwurkers te finen. In delegaasje fan de fleanbasis dielt op it stasjon yn Ljouwert folders út om de fakatueres bekend te meitsjen. De kampanje is opfallend om't definsje tagelyk 12.000 funksjes skrast.
Der moat 1 miljard besunige wurde. It leger hat lykwols noch altyd driuwend ferlet fan bygelyks technisy foar it ûnderhâld fan de fleantugen. It giet om banen foar in perioade fan 8 oant 10 jier.