Stroetinga pakt brûns op WK

© awfoto.nl
Hurdfytser Wim Stroetinga (26) fan Aldeberkeap hat woansdei yn Melbourne brûns wûn op it WK baanhurdfytsen op it ûnderdiel scratch. Hy waard yn Australië tredde achter de Brit Ben Swift en de Súd-Afrikaan Nolan Hoffman. Stroetinga waard tsien jier lyn alris wrâldkampioen scratch by de junioaren. Fiif jier lyn pakte er it sulver by de senioaren. Snein stiet foar Stroetinga de koppelkoers op it programma.