Skeel oer brêgen Polderhoofdkanaal

It Polderhoofdkanaal
De rjochter komt der oan te pas om fêst te stellen wa't de eigeners binne fan twa brêgen oer it Polderhoofdkanaal by De Feanhoop. Beide sitte de plannen fan de gemeente Opsterlân foar it weriepenjen fan it kanaal yn 't paad. De brêgen lizze yn de gemeente Smallingerlân. Neffens de oanwenners binne sy de eigeners, mar de gemeente Opsterlân hat útfûn dat se fan wetterskip Fryslân binne en ek it wetterskip seit dat se eigener binne. De planning is dat it Polderhoofdkanaal yn 2015 weriepene wurdt.