Vikingmetal op Into The Grave

04 apr 2012 - 12:24
  • Enslaved

De Noarske band Enslaved is fêstlein foar it metalfestival Into The Grave. De band makket progressive blackmetal, ek vikingmetal neamd. Foar it festival binne sân ynternajonale acts fêstlein, mei Britse deathmetalband Bolt Thrower as grutste lûker. It lêste plak is reservearre foar de Fryske band dy't ein maaie de wedstrijd Highway To Hell wint. It metalfestival sneon 11 augustus op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

By de bandwedstriid Highway To Hell op 25 maaie stride fiif Fryske metalacts om as iepener te spyljen op de festivals Dokk'em Open Air en Into The Grave. Bands kinne har oant en mei 14 april opjaan op www.intothegrave.nl/highway

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)