Fee te'n ûnrjochte by boer wei

04 apr 2012 - 11:12

It fee fan boer Kraak út Nijlemmer is trije jier lyn te'n ûnrjochte by him weihelle. Dat seit it College van Beroep voor het Bedrijfsleven. Yn april 2009 helle de AID 144 keallen wei, om't se yn har eigen stront stiene. De boer ûntkende dat er net goed foar syn fee soargje soe. It College van Beroep jout him no gelyk. Neffens dat heechste rjochtsorgaan hat de AID te hastich hannele. It gie om in lytse 40 keallen dy't yn har eigen stront stiene en dy hiene wol op in oar, skjinner plak stean kinnen.

Dat it net skjin wie op it bedriuw fan boer Kraak kaam neffens himsels om't er de leanwurker dy't de dong oars by him weihelle net mear betelje koe. De AID, dy't tsjintwurdich de nieuwe Voedsel-en Warenautoreiteit hyt, leit him del by de útspraak en seit dat dy der fan leare sil. Boer Kraak is bliid mei de útspraak en hopet no op in skeafergoeding. Neffens Piet Sipma, de advokaat fan de boer kin de skeafergoeding wolris hiel heech útfalle.

Trefwurden: 
fee Nijlemmer AID boer Kraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)