Yllegaal fjoerwurk yn Ljouwert

04 apr 2012 - 10:38

De plysje hat tiisdeitenacht op it terrein fan De Centrale yn Ljouwert yllegaal fjoerwurk fûn. Dêrby is in Ljouwerter (34) oanhâlden. Surveillearjende plysjes seagen de man op in ôfsletten diel fan it terrein, dêr't er mei in boat hinne fearn wie. Op it terrein lei allerhanne guod klear om mei te nimmen. Dêr siet ek yllegaal fjoerwurk by.

De man hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)