LDODK nei triller yn finale

03 apr 2012 - 22:13

De kuorballers fan LDODK binne ien oerwinning ferwidere fan de kuorbal league. De ploech út Terwispel en De Gordyk hie yn de beslissende tredde wedstriid tsjin Tempo yn Alphen aan den Rijn in ferlinging nedich om safier te kommen. Healwei wie it 10-9 foar LDODK en doe't de ploech fan coach Gerald Aukes op 19-15 kaam like de wedstriid spile. Wat dêrnei folge wie ien en al spektakel. Krekt foar tiid makke Tempo de 20-20. Yn de fiif minuten ekstra tiid gong de winst mei 23-22 nei LDODK. Sneontejûn yn Papendrecht is OVVO de finaletsjinstanner.

LDODK hie de earste wedstriid op 'e Gordyk mei 26-18 fan Tempo wûn. Ofrûne sneon waard by Tempo mei 22-19 ferlern. De tredde beslissende wedstriid waard wer by Tempo spile omdat dy ploech kampioen fan de haadklasse A is. LDODK, de nûmer twa fan de haadklasse B, koe tiisdeitejûn Peter Lageweg wer ynsette. Lageweg hie de lêste wiken troch in rêchblessuere net spile. André Zwart wie mei acht doelpunten de tûkste LDODK skutter, Ryanne Nijholt makke fjouwer, Peter Lageweg, Marjon Visser en Erwin Zwart trije. Sieta Bijker en Menno Russchen fûnen ien kear de koer.

OVVO út Maarssen einige yn de reguliere kompetysje ien punt boppe LDODK. Kampioen OVVO hie 22 punten, LDODK 21. Yn de ûnderlinge konfrontaasjes waard it beide kearen 23-18. LDODK wûn yn Maarssen, OVVO op 'e Gordyk. OVVO wûn yn de neikompetysje twa kear fan Eibernest en helle sadwaande wat makliker as LDODK de einstriid. De wedstriid fan sneon wurdt spile by PKC yn Papendrecht. De winner fan de wedstriid tusken OVVO en LDODK giet nei de kuorbal league. De ferliezer krijt noch in kâns. Dy spilet twa wedstriden tsjin de nûmer njoggen fan de kuorbal league: DVO út Bennekom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)