Man driget hûs op te blazen

Brânwacht en plysje binne tiisdeitejûn manmachtich útrukt fanwege in driichtillefoantsje fan in Boalserter. Dy sei dat er syn wenning oan de Him fol gas rinne litten hie en de boel opblaze soe. Doe't de plysje syn hûs binnenfoel, die bliken dat der gjin gas yn de wenning stie. De man is oanhâlden. De man is in bekende fan de plysje. It wie de fjirde dei op rige dat de plysje grut ynsette op in melding dy't letter loas bliek te wêzen.
Sneon wie der in grutte sykaksje nei silers op de Hegemermar, snein wie der grutte opskuor om in nepbom yn Ljouwert en moandei wie de plysje manmachtich oanwêzich op it Bogerman College yn Snits fanwege in driichtweet.