Skuldeaskers bondelje krêften

03 apr 2012 - 17:00
  • Wim Beintema

Acht skuldeaskers dy't allegear noch jild ha moatte fan kasinomiljonêr Wim Beintema fan Dokkum, ha de krêften bundele. Se ha in advokaat út Ljouwert yn de earm naam en easkje mei-inoar sa'n 70.000 euro fan de Dokkumer ûndernimmer. By kurator Romana Bremer ha har de lêste dagen mear minsken meld dy't noch jild ha moatte fan Beintema. Hoefolle dat binne wol Bremer net sizze.

De 29-jierrige Dokkumer is yntusken yn heger berop gien tsjin syn fallisemintsfonnis. Trije skuldeaskers hiene foarige wike it fallisemint fan Beintema oanfrege.

Sy moatte mei-inoar noch 15.000 euro ha fan de eveneminte-organisator. Der leine doe ek al trije oare fallisemintsoanfragen foar yn totaal sa'n 130.000 euro. It heger berop fan Wim Beintema tsjinnet nei alle gedachten oer in pear wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)