Nij gemeentewapen SW-F

© Bewurking Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân krijt in nij wapen. De Hoge Raad van de Adel hat it ûntwerp fan de Fryske Rie foar Heraldyk nei wat oanpassings goedkard. Twa liuwen hâlde in skyld fêst mei dêryn links de Fryske heale earn en rjochts fiif kroanen, dy't de fiif gemeenten foarstelle dêr't Súdwest-Fryslân út ûntstien is.
Op it skyld stiet in kroan mei fiif blêden. Dy meie net alle gemeenten brûke, mar de Hoge Raad van de Adel stiet dat ta omdat de eardere gritenij Wymbritseradiel dy kroan ek droech.
Ek de liuwen neist it wapen binne spesjaal: dy mei Súdwest-Fryslân brûke omdat it kwa oerflak de grutste gemeente fan Nederlân is.