Riedslid stapt nei 4 wike op

Skylge © Omrop Fryslân
VVD'er Marius Pals hat it noch gjin moanne úthâlden yn de gemeenteried fan Skylge. Pals waard op 6 maart ynstallearre en tsjinne moandei syn ûntslach yn by boargemaster Visser. De oarsaak fan Pals syn beslút is reboelje oer de bou fan garaazjes by syn hûs yn Midslân-Noard.
Pals hat spul mei syn buorman oer de garaazjes. Hy waard al by syn ynstallaazje hurd oanpakt troch guon partijen yn de ried. Pals seit skrokken te wêzen fan de omgongsfoarmen yn de ried. Hy sjocht no gjin mooglikheid mear om as riedslid goed te funksjonearjen.
De VVD fynt it spitich dat Pals al sa gau wer opstapt en is noch op syk nei in mooglike opfolger.