Sûnder Google Translate is Frysk "deade taal op ynternet"

21 sep 2015 - 14:36

Google Translate is wichtich foar it fuortbestean fan de Fryske taal. Sûnder dat "bestiet it Frysk net op ynternet. It wurdt in deade taal." Dat seit leksikograaf en inisjatyfnimmer fan de Fryske Google Translate wike Anne Dykstra.

Deputearre Sietske Poepjes joech moandeitemiddei it startskot foar de oersetwike. Eltsenien kin yn it provinsjehûs Ingelske sinnen oersette yn it Frysk. Wat mear sinnen oft oerset wurde, wat grutter de kâns dat Google it Frysk yn de oersetmasine opnimt.

Mear ynformaasje Fryske Google Translate Wike

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)