Lodeweges bliuwt geheimsinnich oer opstelling tsjin NAC

21 sep 2015 - 14:04
  • Coach Dwight Lodeweges

Trainer Dwight Lodeweges wol neat kwyt oer syn opstelling foar tiisdeitejûn tsjin NAC Breda. Gewoanwei wol de Hearrenfeantrainer it measte wol fertelle, no seit hy neat oer de bekerwedstriid: "We hoeven de tegenstander niet wijzer te maken." Dochs is de ferwachting dat Lodeweges mei deselde alve spilet as yn de twadde helte tsjin NEC. Dus mei Otigba en Kada yn de basis en Cavlan en Veerman op de bank. By Hearrenfean binne deselde spilers noch altyd blesseard: Mitchell Te Vrede hat lêst fan syn ankel.

Ek Namli, Zahovic, Buijs en Van Aken binne net ynsetber, mar wol op de wei werom.

Mooglike opstelling: Mulder, Van Anholt, Otigba, St. Juste, Bijker, Van den Boomen, Thern, Van den Berg, Kada, Slagveer en Larsson.

Hearrenfean spilet tiisdeitejûn om 18.30 oere yn Breda tsjin NAC. Dy ploech degradearre ferline seizoen nei de Jupiler League. By NAC spylje âld-Hearrenfeanspilers Joeri de Kamps, Michael Dingsdag en keeper Andries Noppert. Op goal stiet noch altyd de Jouster Jelle ten Rouwelaar. De wedstriid is live te folgjen by ús op de radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)