Reade Krús riedt him ta op mega-operaasje yn Nederlân

21 sep 2015 - 13:45

It Reade Krús riedt him ta op de grutste help-operaasje yn Nederlân ea. De organisaasje hat ek yn Fryslân alle frijwilligers en koördinatoaren oproppen om klear te stean. De organisaasje siket in soad nije frijwilligers, want de meiwurkers hawwe it drok. Se hawwe der meastentiids noch in baan by.

Der is grut ferlet fan begelieders, tolken en ferpleechkundigen. Yn Snits en Ljouwert wurdt moandei materiaal, lykas brankaars, klearset foar it gefal de bêden opreitsje foar de needopfang fan flechtlingen.

Trefwurden: 
Reade Krús flechtlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)