It Amelân praat oer alternatyf foar Wagenborg

21 sep 2015 - 12:53

De gemeenteried fan It Amelân beslút moandei oft der in ûndersyk nei in eigen feartsjinst komt. Dy soe it ferfier yn 2029 oernimme moatte fan rederij Wagenborg. It idee komt fan riedslid Rudolf Teuben fan Ameland '82. Hy is ûntefreden oer hoe't Wagenborg it ferfier no docht, benammen troch de fertragings fan de fearboaten.

Neffens Teuben moat de tsjinstregeling oanpast wurde oan it tij fan de Waadsee en soene der ek lytsere fearboaten ynset wurde moatte. Hy sjocht de eigen feartsjinst fan Teksel as foarbyld foar It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)