Man oppakt yn Wytmarsum mei GHB en XTC

21 sep 2015 - 11:14
  • Oanhâlding

In man (27) út de gemeente Opsterlân is sneintejûn yn Wytmarsum oanhâlden omdat er in tas fol drugs as GHB en XTC by him hie. In tsjûge sette de plysje op it spoar fan de man. Dy wie tegearre mei in man (39) út Koudum sjoen, wylst se om it âlde kleaster oan de Arumerwei omskarrelen. Doe't leden fan de keninklike maresjesee de auto stean seagen op de Penjumerstrjitte, stapte it duo krekt yn.

By it ûndersyk waard de drugs fûn, wêrnei't de man út Opsterlân opbrocht waard nei it plysjeburo. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)