Fryslân sil gearwurkje mei Sineeske provinsje Heilongjiang

21 sep 2015 - 09:57

Fryslân sil oparbeidzje mei de Sineeske provinsje Heilongjiang. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma en partijsiktaris Wang Xiankui ha moandei de hantekens set ûnder in yntinsjeferklearring. Beide provinsjes ûndersykje de mooglikheden op it mêd fan bou- en suvelprodukten. De Sineeske delegaasje besiket moandei tal fan Fryske bedriuwen en praat ek mei ûndernimmers.

Yn Heilongjiang wenje 38 miljoen minsken. It is de twadde gearwurkingsoerienkomst tusken Fryslân en in Sineeske provinsje. Fryslân wurket al 25 jier gear mei Sichuan.

Heilongjiang leit yn it uterste noardeasten fan Sina, oan de grins mei de Russyske Federaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)