Kollum: "Fryske Breedbekkikkerts"

21 sep 2015 - 08:33
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Fryske Breedbek kikkerts. Ofrûne wykein begûn yn Ingelân it WK rugby. Tafallich zapte ik freedtejûn lâns de iepeningswedstriid tusken gastlân Ingelân en Fiji. En ik moat sizze: ik wie fuortendaliks fereale. Sa’t oare minsken it hiele wykein plat foar de earedivyzje of de Premier League sitte, sa siet ik dit wykein elke jûn foar it WK rugby. Ik sjoch my de eagen út. Wat is dit in stoere sport, dy’t boppedat in skoalfoarbyld is foar alle oare sporten. Doe’t ik freedtejûn foarby zapte belâne ik tafallich op it momint yn de wedstriid dat Ingelân in penalty krige. Stel dy efkes foar: tritich fan dy grutte bearen fan keardels stean yn it fjild mei dêr tusken in hiel lyts skeidsrjochterke, dy’t drok oerleit mei syn fjirde officials en de fideoreferee. Want sa giet dat by rugby, de wedstriid wurdt gewoan efkes stillein as der in oertrêding makke is. De bylden wurde weromsjoen, der wurdt oerlein en dêrnei bringt de skiedsrjochter it boadskip oer oan de spilers. Binne dy dan dûm? Skelle se tsjin de skeids dat dit werklik nearne op slacht? Slagge se mei hannen en fuotten krekt as by de fuotbal? Neuh, dy grutte bearen lústerje rêstich nei it lytse mantsje en knikke braaf mei de holle as er útleit wat de oertrêding wie. Sjoch, sa kin it ek.

No is rugby ien fan de rûchste sporten, mei al dy stielhurde tackles. Mar miskien júst dêrtroch wol sa earlik. Wy ha allegearre de tackle sjoen fan PSV’er Hector Moreno, dy’t tsjinstanner Luke Shaw fan Manchester United in dûbele beenbreuk skopte. Net mei opset sin fansels, dat snap ik ek wol. Mar fuotballers gean faak onbesuisd mei inoar om. Sjoch nei in rugbywedstriid en do ferbaast dy der oer hoe netsjes al dy tackles útfierd wurde. Nea op skouderhichte as heger, altyd kreas by de middel as fuotten. En as se dan yn sa’n klútsje boppe op inoar lizze, is der nimmen dy’t begjint te roppen of razen, lit stean nei te skoppen. Nee, ien foar ien krûpe se wer út it bultsje en helpe de lêste man, dy’t ferknûkere ûnderoan lein hat, oerein. Dy skoddet efkes mei de kop en hup, se kinne wer fierder. Mar it moaiste fyn ik noch wol de iepening fan de wedstriid. It momint dat dy beide teams mei grutte keardels, dy’t fan kop oant teannen fol mei testosteron sitte, tsjinoer inoar steane en dan harren iepeningsritueel dogge. It ritueel fan The All Blacks út Nij-Seelân bygelyks is in wier keunstwurk. Se slagge mei de hannen op ‘e knibbels, wylst se as sumokrigers op ‘e grûn stampe. En dan dy koppen. Eagen grut as teepantsjes en de tonge in ein út ‘e mûle. Om der deabenaud fan te wurden. En dat is dan ek krekt it doel fan dit dûnske. De tsjinstanner yntimidearje. Mar sûnder dat der stoeptegels troch busramen fleane.

Ik stel foar dat wy in oantal saken út it rugby ek fuortendaliks mar ynfiere by it fuotbal. As earste de fideoreferee, dy’t alle oertrêdingen en mooglike doelpunten nochris rêstich werom sjocht en dan syn konklúzje trochjout oan de skiedsrjochter. As twadde it respekt foar dizze man as frou, dy’t de beslissingen nimt. Mar it wichtichste fan alles: litte wy ek it iepeningsritueel oernimme. Sjochst it al foar dy? Dat by de Fryske derby tusken Cambuur en SC Hearrenfean Henk de Jong en Dwight Lodeweges it fjild op komme en rjocht tsjinoer inoar steane. Henk slacht trije kear op ‘e knibbels, wylst Dwight ‘Oe’ en ‘Aa’ ropt. Beide stekke se de tonge noch efkes tsjin inoar út as breedbek kikkerts en dan kin de wedstriid begjinne. Liket my geweldich."

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)