Dingtiid: Utfiering Fryske Taalwet kin en moat better

21 sep 2015 - 07:25

"It Frysk taalbelied is as in dobberjend skûtsje sûnder skipper." Dy útspraak die foarsitter Klaas Sietse Spoelstra fan Dingtiid. Elkenien hat de mûle fol fan it Frysk taalbelied, mar nimmen hat de rezjy en dêrom moat der 'in taalskipper' komme, seit Spoelstra. Dingtiid is it orgaan dat de posysje fan it Frysk toetst oan de Fryske taalwet en it Europeesk Hânfest foar regionale talen.

Spoelstra praat moandei yn Den Haach mei Plasterk oer de Fryske taalwet en de wurking yn de praktyk. Dy praktyk is fierstente frijbliuwend, fynt Spoelstra.

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân skreau ferline wike yn syn kollum op de website fan de gemeente dat er it neilibjen fan it Fryske taalbelied 'beskamsum en frijbliuwend' fynt. De posysje fan it Frysk moat nettsjinsteande ôfspraken hieltyd op 'e nij befochten wurde, skreau Bilker. Spoelstra is it foar in part wol mei Bilker iens. Dingtiid hat de ôfrûne tiid in ynventarisaasje makke fan wat wol en net goed regele is en sil Plasterk advisearje hoe't soks better kin. Dat stiet yn it Dingtiid-rapport 'Feroaring en ferbettering' dat Spoelstra moandei oanbean hat oan Plasterk.  

Besjoch it rapport 'Feroaring en ferbettering' fan Dingtiid: http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2015/09/DINGTIID_ADVYS_DIGI_FRL-fersy-20-sept-2015-DEF.pdf

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)