Meiwurkers Fryske boatbouwer omkaam yn Frankryk

20 sep 2015 - 18:19

Twa meiwurkers fan boatbouwer Wajer & Wajer yn Heech binne sneon om it libben kaam by in ûngelok yn de haven fan it Frânske Port Grimaud yn de buert fan Saint-Tropez. It giet om twa manlju fan begjin 20 út Noordwijk en Enschede.

De slachtoffers wiene foar it bedriuw yn Frankryk. De manlju wiene nei in stapjûn mei in rubberboatsje tsjin in ankerketting fan in oare boat oan fearn. Dêrtroch sloegen se oerboard. Al it personiel fan de boatbouwer is yntusken op de hichte brocht fan it deadlik ûngelok. De direksje sprekt fan in swarte dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)