Unis Flyers ferlieze returnwedstriid tsjin Tilburg ek

20 sep 2015 - 17:47
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De iishockeyers fan Unis Flyers hawwe de return om de Ron Bertelingskaal ek ferlern fan Destil Tilburg. Yn Tilburg waard it 8-2. Freedtejûn ferlearen se de earste wedstriid yn de nije Ljouwerter iishal ek al. It waard doe 1-12.

It is net ûnferwachts dat de Flyers gjin partij foar Tilburg binne. Destil Tilburg spilet kommend seizoen yn de sterke Dútske Oberliga. De Flyers hawwe besletten dat net te dwaan. It team bliuwt aktyf yn de Nederlânske kompetysje mei relatyf jonge spilers sûnder in soad ûnderfining.

De striid om de Ron Bertelingskaal wurdt sjoen as Supercup. It is fan âldsher de earste wedstriid fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)