"Utstel fúzje min foar heger ûnderwiis yn Ljouwert"

20 sep 2015 - 15:28
  • NHL yn Ljouwert

Der moat net tefolle fertraging komme yn de fúzje tusken de hegeskoallen Stenden en NHL. Foar de kwaliteit fan it heger ûnderwiis is in gearwurking tusken de skoallen needsaaklik. Dat seit foarsitter Willem Smink fan it kolleezje fan bestjoer fan de NHL.

De fúzjedatum stiet no noch foar septimber takom jier pland, mar de sintrale meisizzenskipsrieden fan Stenden en NHL gean foarearst net akkoart. Se fine dat de plannen fan de fúzje noch net goed ûnderboud binne. Takom wike prate de belutsenen fierder oer de sitewaasje.

De twa Ljouwerter hegeskoallen hawwe mei-inoar sawat twatûzen meiwurkers en goed tweintichtûzen studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)