Acht wenningen ûntromme by brân yn Frjentsjer

20 sep 2015 - 09:56

Troch in grutte brân yn in leechsteand bernedeiferbliuw oan de Noarderbleek yn Frjentsjer, moasten sneontenacht acht wenningen yn de buert ûntromme wurde. It fjoer bruts nachts om trije oere út. De brânwacht rukte mei trije weinen út. Nei in goed oere blussen wie de brân ûnder kontrôle. Eefkes nei fiif oere waard it sein brân master jûn. Doe koene de bewenners werom nei hûs. De brânwacht wie noch oerenlang oan it neiblussen.

Oar de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Der is net ien ferwûne rekke. Der is gjin asbest oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)