Lykspul by SC Cambuur-FC Twente

19 sep 2015 - 21:37

SC Cambuur hat sneontejûn mei 0-0 lyk spile tsjin FC Twente. Yn in net al te bêste wedstriid pakte Cambuur wer ris in punt en dat fielde goed. De Ljouwerters krigen yn de wedstriid in pear goeie kânsen. Mar benammen Mikhail Rosheuvel faalde yn de ôfwurking. FC Twente koe noch oanspraak meitsje op in penalty, mar skiedsrjochter Kamphuis woe der neat fan witte. By fiif wedstriden hie Cambuur al 20 goals tsjin en dat no de nul hâlden waard die de Ljouwerters goed. Sintrale ferdigener Wessel Dammers waard keazen ta man fan de wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)