Fúzje Ljouwerter hegeskoallen rint mooglik fertraging op

19 sep 2015 - 14:03

De fúzje tusken de Ljouwerter hegeskoallen Stenden en NHL rint mooglik fertraging op. De sintrale meisizzenskipsried fan Stenden Hegeskoalle wol noch gjin tastimming oan de fúzje jaan. Der ûntbrekke tefolle gegevens om ta in goed beslút komme te kinnen.

Foarsitter Hans den Dulk fan de sintrale meisizzenskipsried fan Stenden Hegeskoalle seit dat der te min dúdlik is oer de budzjettearring en de likwiditeit op de lange termyn. Boppedat is in fúzje mei yngong fan septimber takom jier te koart dei.

It kolleezje fan bestjoer fan Stenden hat in perioade fan berie ynsteld. By de fúzje tusken Stenden en NHL binne twatûzen meiwurkers en goed tweintichtûzen studinten belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)