Poepjes: "Lit jim hearre yn Den Haag oer Fryske taal"

19 sep 2015 - 13:52
  • Deputearre Poepjes iepenet Dei fan it Fryske wurd
  • De Kast op de Dei fan it Fryske wurd
  • Taskôgers by De Dei fan it Fryske wurd

Deputearre Sietske Poepjes hat sneon op de Dei fan it Fryske wurd alle Friezen oproppen in brief nei Den Haag te stjoeren oer it belang fan de Fryske taal. Dêrmei kin de deputearre better in fûst meitsje nei de polityk yn Den Haag.

Poepjes is de lêste tiid drok dwaande mei de posysje fan it Frysk, mei yn ferbân mei de posysje fan Omrop Fryslân. Neffens de deputearre is it wichtich dat de Fryske taal ferankere wurdt en bliuwt as rykstaal. Dêr is wol ryksjild foar nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)