Strjitrôvers besykje it by plysje-yn-boarger

19 sep 2015 - 10:58
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

De plysje yn Ljouwert hat freedtenacht twa strjitrôvers oanhâlden. De Ljouwerters fan 19 en 22 jier wurde fertocht fan ferskate strjitrôven. De plysje kaam harren op it spoar doe't in plysjeman yn syn frije tiid lestich fallen waard troch it duo. De plysjeman warskôge syn kollega's. Doe't dy ûndersyk diene, waarden se oansprutsen troch in 21-jierrige man út Grins, dy't krekt derfoar bestellen wie fan syn telefoan.

De plysjes koene it duo dernei gau oanhâlde. De Ljouwerters hiene de stellen telefoan fan de man út Grins noch by harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)