"Van der Zwan en Sytse Kroes opfolgers Jan Oostenbrug"

19 sep 2015 - 10:49
  • Reedride

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean en Sytse Kroes fan Akkrum binne de beëage opfolgers fan foarsitter en iismaster Jan Oostenbrug fan it Frysk IIsbûn. Van der Zwan soe de nije foarsitter wurde en Kroes de nije iismaster.

De iiswegesintrale wol mei de nije bestjoerders de goede ferhâldings mei oare organisaasjes lykas de Feriening Fryske Gemeenten, de Feilichheidsregio en Wetterskip Fryslân behâlde. De nije bestjoerders wurde op 1 oktober presintearre oan de 22 ôfdielings fan de iiswegesintrale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)