Brêge Burchwerter Piip hat einlik syn namme

18 sep 2015 - 19:56

De brêge yn Burchwert hat no dochs offisjeel de namme dy't er altyd hie: de Burchwerter Piip. Mei in nammebuord op de brêge waard dat freed definityf. Wethâlder Mirjam Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân ûntbleate de namme tegearre mei doarpsbewenner Theo Gerritsma dy't yn 1952 en 1953 sels oan de bou fan de brêge meiwurke hat.

Fierders waard der in fotoboek presintearre mei foto's fan alle doarpsbewenners. Doel is om dat om de fiif jier te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)