Needopfang flechtlingen yn Fryslân freed noch net nedich

18 sep 2015 - 17:26
  • Opfang fan flechtlingen

It COA makket freed gjin gebrûk fan it oanbod fan de Fryske gemeenten om flechtlingen op te fangen yn needopfangen. Neffens boargemaster Crone dy't de opfang út namme fan de Fryske gemeenten koördinearret, is it COA ûnder de yndruk fan it oanbod, mar hoecht hjir freed noch gjin gebrûk fan makke te wurden.

De Fryske gemeenten hawwe ôfsprutsen dat se ekstra flechtlingen opnimme as dat moat. Crone hat ynventarisearre hoefolle flechtlingen de ferskate gemeenten opfange wolle en yn hokker gebouwen. Hy wol dermei pas nei bûten komme as der in konkrete fraach fan de minister leit.

Crone hâldt der rekken mei dat der yn it wykein wol in berop op de Fryske gemeenten dien wurde sil. It is lykwols ôfhinklik fan it tal flechtlingen dat nei Nêderlan komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)