Minder jild fan ministearje foar Nordwin College Ljouwert

18 sep 2015 - 16:08

It Nordwin College yn Ljouwert, it eardere AOC, moat de broekriem oanlûke. De AOC's krije jierliks 1.000 euro per learling minder, omdat it ministearje fan ekonomyske saken besunigje moat. De gewoane ROC's hawwe hjir gjin lêst fan, omdat dy betelle wurde troch it ministearje fan ûnderwiis. It Nordwin College moat no rekken hâlde mei goed 3.5 miljoen euro minder yn it jier.

Der krije noch gjin dosinten dien, mar de besparring hat wol gefolgen foar de kwaliteit fan it ûnderwiis, seit direkteur Stierhout. Gruttere klassen, soberder ûnderwiis en minder staazje rinne op buorkerijen. Dat hat ek gefolgen foar it paradehynderke fan Ljouwert, de Diary Campus.

It Nordwin sil minder bydrage. Oft it plan fan de minister trochgiet, hinget fan de Twadde Keamer ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)