Hoareka net bliid mei plannen foar wrâldrestaurant yn Snits

18 sep 2015 - 14:13

De hoareka yn Snits is net te sprekken oer de plannen foar in nij restaurant by de rûnwei. Plaza-Sneek moat komme yn de eardere Renault-garaazje, op in yndustryterrein oan de râne fan de stêd. It soe plak biede moatte oan 500 minsken.

Neffens Jan van Omme, kafeehâlder en bestjoerslid fan Ut yn Snits, hat it nije restaurant grutte gefolgen foar de binnenstêd. De hoareka yn Snits hat it swier en dat soe troch Plaza-Snits allinnich mar slimmer wurde. Derneist hat de binnenstêd fan Snits al lêst fan leechstân.

De boargemaster en wethâlders sjogge it wol sitten. Dy fine dat sa'n restaurant Snits wer op de kaart sette kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)