Berisha yn de spits by Cambuur

18 sep 2015 - 13:49

Cambuur sil sneon úteinsette yn in opmerkelike basisopstelling tsjin FC Twente. Troch de skorsing fan Sander van de Streek makket Jack Byrne syn kompetysjedebút. Fierder binne Erik Bakker (tean), Kai Heerings (foet) en Martijn van der Laan (ankel) der fanwege blessueres net by. Efter de namme fan Ogbeche stiet noch in grut fraachteken. De Nigeriaanske oanfaller hat in blessuere oan syn knibbel. Syn ferfanger is Valmir Berisha, hy makket syn basisdebút.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)