Hege ferwachtingen foar UCC Coffee Boalsert nei weriepening

18 sep 2015 - 12:35

Kofjefabryk UCC Coffee yn Boalsert wol de kommende jierren tsien prosint yn it jier groeie. Dat sei direkteur Paagman freed by de offisjele weriepening fan it gebou. Yn Boalsert wurkje no 200 minsken. Nei de sluting fan de lokaasje yn Den Bosch binne der earder dit jier sa'n tweintich wurkplakken bykaam.

UCC produsearret kofje en tee foar supermerken en gruthannels yn binnen- en bûtenlân. Meielkoar hawwe se no sa'n 200 klanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)