Frou oanhâlden foar ynbraak Harns

18 sep 2015 - 12:30

In 34-jierrige frou út Harns is tongersdeitejûn oanhâlden foar ynbrekkerij. De plysje krige in melding fan in wenningynbraak oan de Joost van den Vondelstraat.

Doe't de aginten dêr oankamen seagen se dat it rút fan de skopui ynsmiten wie. Yn it hûs seach de plysje de fertochte frou rinnen. Sy is dêrop oanhâlden, en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
ynbrekkerij Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)