Keamerlid Magda Berndsen ferlit Twadde Keamer

18 sep 2015 - 11:07

It Fryske Twadde Keamerlid Magda Berndsen ferlit de polityk. Dat hat har partij, D66, freed bekend makke. Neffens Berndsen is it hinne-en-wer reizgjen fan har wenplak Burdaard nei Den Haach te swier.

Se lit witte dat se nei fiif jier yn de Keamer graach trochgien wie, mar dat se it no wat rêstiger oan dwaan wol. Berndsen wie wurksum by de plysje foardat se yn de Twadde Keamer keazen waard. Se ferlit de Keamer per ien novimber.

Partijlieder Alexander Pechtold oer it beslút fan Berndsen: “Met Magda Berndsen treedt een buitengewoon waardevol en kritisch Kamerlid terug. De fractie plukte vaak de vruchten van haar praktijkervaring als voormalig burgemeester en korpschef. We gaan haar ervaring missen, maar ik heb begrip voor haar besluit om zich terug te trekken uit de actieve politiek."

Berndsen hat har yn de Twadde Keamer ûnder oaren ynset foar de plysje. Sa hat se der foar soarge dat de rjochtsposysje, soarch en neisoarch fan plysjeamters mei PTSS wetlik fêstlein is.

Ik verlaat 1 november na 5 jaar de Kamer. Eervol om Kamerlid te zijn. Dank voor alle collegialiteit.Ik blijf me inzetten voor #D66

— magda berndsen (@magdaberndsen) 18 september 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)